Aris wint dochs nei flater Donar

19 nov 2017 - 16:17

Aris gie justerjûn yn de noardelike derby mei 84-58 hurd ûnderút tsjin Donar. Dochs giet de wedstriid yn de boeken as in 20-0 oerwinning foar Aris. Tsjinstanner Donar hie op seker momint yn de wedstriid nammentlik fiif bûtenlanners yn it fjild stean. Dat meie der mar maksimaal fjouwer wêze. 

It wie al de twadde kear dit jier dat Donar tefolle bûtenlanners op it fjild hie. Earder barde dat al tsjin Weert. Doe krigen de Grinzers  in warskôging. Donar kin noch wol yn berop tsjin de straf. 

Reaksje Gert Schurer

Gert Schurer, de manager fan Aris, seit yn in reaksje: "De beslissing is nog niet definitief. Ik hoop wel dat de discussie zuiver blijft. Goed voor de Basketbal League is het niet. En het is niet zo dat we er door verloren hebben, haha."

Trefwurden: 
basketbal Aris
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)