Sander Arends de top 100 yn nei toernoaiwinst

19 nov 2017 - 16:09
Sander Arends, tennis - Foto: Frans Arends

Tennisser Sander Arends hat yn it Italiaanske Brescia it challengertoernoai op syn namme skreaun. Tegearre mei syn maat Sander Gille wie hy mei 6-2 en 6-3 te sterk foar Luca Margoli en Tristan-Samuel Weissborn. It is foar Arends alwer de fiifde titel fan dit jier.

Yn de finale yn Brescia hiene Arends en Gille in poerbêste start. Al nei 12 minuten stiene se mei 4-1 foar. Troch noch in break te meitsjen koene se dat útbouwe oant 6-2. Yn de twadde set makke it koppel op 3-2 de beslissende break. Dêrnei wie de spanning wol út de wedstriid.

Mei de oerwinning komt de Ljouwerter dûbelspesjalist foar de earste kear yn syn karriêre de top 100 binnen op it 100ste plak.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis
(Advertinsje)
(Advertinsje)