Snits Wyt Swart wint yn haadklasse A, VV Hearrenfean net

19 nov 2017 - 16:03
Logo VV Snits Wyt Swart - Foto: Omrop Fryslân

Yn de haadklasse A fan it amateurfuotbal hat Snits Wyt Swart sneintemiddei trije punten pakt tsjin Hollandia. De einstân wie 2-1. VV Hearrenfean gie yn deselde haadklasse mei 3-0 ûnderút tsjin MSC.

Snits hie it bettere fan it spul yn de earste helte. De ploech kaam dan ek op in 1-0 foarsprong troch in goal fan Jorn Wester. Oan de ein fan de earste helte makken de besikers út Hoorn de lykmakker. Yn de twadde helte gie Snits Wyt Swart op syk nei de winst. Sân minuten foar tiid makke Gerben Visser de 2-1. Dat wie ek de einstân.

Sneontejûn spile VV Hearrenfean al har wedstriid yn de haadklasse A. Ut tsjin MSC koe de ploech de goeie rige fan de ôfrûne wiken (10 punten út 4 duels) gjin ferfolch jaan. Der waard yn Meppel mei 3-0 ferlern. VV Hearrenfean hie yn it earste kertier it bêste fan it spul, mar by it skoft wie it dochs 1-0 foar de thúsploech. Yn de twadde helte besocht Hearrenfean it wol, mar dêrtroch joech de ploech ek in soad romte fuort. Dêr koe MSC fan profitearje en útrinne nei 3-0.

Snits Wyt Swart stiet no mei 12 punten út 11 wedstriden op plak 12. VV Hearrenfean stiet mei ien punt minder op plak 13.

(Advertinsje)
(Advertinsje)