Antoinette de Jong en Carien Kleibeuker net goed op 5 km

Antoinette de Jong © awfoto.nl
Antoinette de Jong is op de 5000 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Stavanger teloarstellend achtste. De Nederlânske kampioen op dizze ôfstân en it ôfrûne wykein noch de bêste op de 3000 meter op it iis fan Thialf sette 7.07.83 op de klokken. Carien Kleibeuker die it net better: njoggende yn 7.09.12.
De winst gong nei de Dútse Claudia Pechstein (hast 46 jier) yn 6.56.60. De Kanadese Ivanie Blondin waard twadde yn 6.57.34 en de Tsjechise Martina Sábliková tredde yn 6.59.95. Irene Schouten waard yn 7.01.03 fiifde.