D66: Losse wynmûne by in doarp moat mooglik bliuwe

'It moat mooglik bliuwe dat doarpen in eigen doarpsmûne oerein hâlde'. Dat seit D66-listlûker Mirjam Bakker fan Súdwest-Fryslân. Provinsjaal belied is krekt dat wynmûnen út soarch foar it lânskip klustere wurde yn parken. Mirjam Bakker die har útspraak snein yn in ferkiezingsspecial fan it radioprogramma 'Buro de Vries'. CDA-listlûker Maarten Offinga reagearre fernuvere op de stellingname fan D66 en spruts fan in "boeiende wending". It CDA hâldt sels fêst oan klustering.