PvdA ferspriedt folders yn de ferkearde gemeente

19 nov 2017 - 13:04
Stella van Gent is toch echt listlûker yn Súdwest-Fryslân - Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

Bewenners fan Weidum, Mantgum en Jorwert seagen dit wykein frjemd op doe't se in folder fan de PvdA Súdwest-Fryslân troch de brievebus krigen. Yn de folder wurdt oproppen om woansdei te stimmen op Stella van Gent, de listlûker fan de PvdA yn Súdwest-Fryslân. Dat is lykwols net mooglik, omdat dizze trije doarpen net by Súdwest-Fryslân komme, mar by de gemeente Ljouwert.

Neffens Van Gent leit de flater by PostNL. Dat bedriuw wie ynskeakele om de folders rûn te bringen mar hat net goed sjoen nei de postkoades.

(Advertinsje)
(Advertinsje)