Ynsammelingsaksje blokkade-organisaasje krijt soad stipe

19 nov 2017 - 17:10

Der is in jildynsammelings-aksje opsetten foar de minsken dy't sneon foar in blokkade soargen op de A7 by De Jouwer. Dêrmei holden se bussen tsjin mei dêryn anty-swarte-pyt demonstranten dy't ûnderweis wiene nei de yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum. De pro-swarte-pyt-demonstranten wurde mooglik beboete foar de blokkade op de sneldyk.

Ynsammelaksje

In man út Lelystêd hat no op doneeractie.nl it inisjatyf naam om jild yn te sammeljen om de boetes te beteljen. Dit docht er om se te betankjen, seit er. De inisjatyfnimmer fynt it net earlik dat de aksjefierders opdraaie moatte foar de boetes. It doel is om 3.000 euro op te heljen. Moandeitemoarn hienen al mear as 4.100 minsken jild jûn, de teller stie doe op goed 33.000 euro. De donaasjes komme út it hiele lân. In soad minsken jouwe de aksjefierders kompliminten foar de blokkear-aksje.

"Bliid mei stipe"

Martin Sikma wie sneon ien fan de demonstranten dy't meiholp oan de blokkade. "Wy binne hiel bliid mei de stipe. It is noch net bekend oft wy in bekeuring krije, mar as wy dy krije is dy no seker al betelle", seit er. Sikma is dan ek net benaud foar ferfolging. "It is no ôfwachtsjen. Justysje sil kontakt mei út opnimme en dan sjogge wy wol wat der gebeurt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)