Jeroen Piek mei fjouwermansbob op 19e plak yn klassemint

19 nov 2017 - 10:36
It Nederlânske bobslidersteam mei rjochts de Friezen Jeroen Piek en Dennis Veenker - Foto: ANP

De Nederlânske bobsliders steane nei de earste twa wrâldbekerwedstriden op it 19e plak yn it klassemint. De fjouwermansbob mei dêryn Jeroen Piek einige yn it Amerikaanske Park City by de earste wedstriid as 19e en by de twadde as 18e. Dennis Veenker wie reserve en kaam net yn aksje. Der stiene dit wykein twa races op it programma, om't it ferline wike yn Lake Placid net trochgie fanwege min iis.

Om pleatsing foar de Olympyske Spelen te heljen moat de fjouwermansbob de restearjende seis wrâldbekerwedstriden better prestearje. De ploech moat yn it klassemint by de earste 12 einigje. De folgjende wedstriid is takom wike yn it Kanadeeske Whistler.

Trefwurden: 
bobslydzje Jeroen Piek
(Advertinsje)
(Advertinsje)