Parkearterrein feardaam Nes strûpt derûnder: net parkeare

De feardaam by Nes op It Amelân (hjir by heech wetter)
Fanwege heech wetter ropt de gemeente Amelân minsken op om de auto net op de pier fan Nes te parkearen. Dy sil snein ûnder wetter rinne. Nei alle gedachten hat it wetter no sa'n bytsje it heechste punt berikt. Ek de fyts kinne minsken better op in oar plak as de feardaam delsette, meldt de gemeente op Twitter.