Jurgen Streppel: "We kunnen weer naar boven kijken"

19 nov 2017 - 09:22

"We kunnen weer naar boven kijken en dat is altijd fijn", sa sei trainer Jurgen Streppel nei ôfrin fan de útwedstriid dy't SC Hearrenfean mei 4-0 wûn fan FC Twente. De trainer wie bliid mei de oerwinning, dy't kaam neidat yn oktober alle wedstriden ferlern wiene. "Opluchting is een groot woord, ik weet wat de jongens kunnen. Het gaat met ups en downs en dat is logisch, want je hebt ook een paar A-junioren in je team". De duelkrêft, de teamgeast en de wil om te winnen hawwe neffens him de oerwinning brocht. Streppel fynt net dat der sprake wie fan druk, dat makket de media der fan neffens him. 

'Dit is zo lekker, dat we hier met 4-0 winnen en het had nog wel veel meer kunnen zijn", sei Michel Vlap nei de oerwinning, dêr't hy mei de 2-0 in belangryk oandiel yn hie. "Je wilt terugkomen na een aantal verloren wedstrijden en als je dat dan zo doet, bij een moeilijke tegenstander als FC Twente, dan is dat wel heel mooi". 

Ek bliidskip by Reza Ghoochannejhad, al hie hy noch blider west, as hy skoard hie."We hebben veel kansen gecreëerd, daarvan had ik er ook graag één gescoord". Hy hat der lykwols gjin lêst fan as ynfaller Veerman wol skoart, dêr't hy dat sels net docht. It giet om it resultaat en hy is bliid mei de kwaliteit fan it spul, want dat wie folle better as de foarige wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)