Goud foar shorttrackfroulju, sulver foar de manlju yn Seoul

19 nov 2017 - 08:56

De Nederlânske shorttrackfroulju hatwwe goud wûn op de ôflossing by de wrâldbeker yn Seoul. De ploech bestie út Suzanne Schulting, Rianne de Vries, Yara van Kerkhof en Lara van Ruijven.

Nederlân lei op in tredde plak krekt efter Súd Korea en Sina. Dy wiene mei-elkoar yn in fûle striid, wêrnei't Súd Korea foel en Nederlân se beide foarbyride koe. Dêrmei pakte Nederlân de earste wrâldbekerkerwinning fan dit seizoen.

De shorttrackmanlju waarden twadde. De ploech mei ôfmakker Sjinkie Knegt, Itzhak de Laat, Daan Breeuwsma en Mark Prinsen lei lang tredde. Mei noch 12 rûntsjes te gean sette Knegt de fersnelling yn en pakte it earste plak. Prinsen moast dêrnei dat earste plak wer ôfstean oan Súd Korea en dy fersnelden. Knegt kaam op de ein noch tichtby, mar Súd Korea wûn yn eigen lân. Amearika waard tredde, foar Ruslân en Kazachstan.

Trefwurden: 
shorttrack wrâldbeker Seoul
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)