Mear as twa miljoen sjoggers foar yntocht Sinteklaas

Pakjesboat 12 © Omrop Fryslân, Lars Hoekstra
De yntocht fan Sinteklaas sneontemiddei yn Dokkum hat goed twa miljoen sjoggers lutsen. De oankomst wie te sjen yn in ekstra lange útstjoering fan it Sinteklaas-sjoernaal. It wie it programma dêr't sneon it meast nei sjoen is, sa docht bliken út de sifers fan de Stichting KijkOnderzoek. Mei elkoar stimden der 2,2 miljoen ôf op it programma op NPO3.