Sjinkie Knegt ferliest earste plak yn wrâldbeker 1000 meter

19 nov 2017 - 08:29
Sjinkie Knegt (argyffoto) - Foto: Martin de Jong

Sjinkie Knegt is syn earste plak yn it klassemint op de 1000 meter yn de wrâldbeker kwyt. Hy stie nei trije wedstriden earste, mar moast yn Seoul de posysje ôfstean, omdat hy yn de heale finale útskeakele waard. Knegt lei yn de klinsj mei twa Koreanen en krige in penalty tsjin. Yn de lêste bocht fûn de skiedsrjochter dat Knegt de wrâldkampioen Yi Ra Seo hindere by in ynhelaksje. Dyselde Seo krige ek in penalty, omdat hy Knegt yn it begjin fan de wedstriid al hindere. Knegt moast dêrtroch oan in ynhelaksje begjinne. Hy klom knap fan it sechsde nei it twadde plak, mar dat wie dus net genôch. Ithzak de Laat waard útskeakele yn de kwartfinale. Hy waard fjirde achter Sandor Liu, Charles Hamelin en Yuri Confortola.

Suzanne Schulting gong fan kop ôf en seach de Koreaanse Choi har foarby gean. Se koe de wrâldkampioene Christie foar har hâlde, mar de skiedsrjochter fûn dat se Christie ûnregelemintêr blokte en krige dêrtroch ek in penalty. Yara van Kerkhof helle de finale en waard dêryn tredde, ûnder oare troch in penalty foar Christie.

Trefwurden: 
shorttrack Sjinkie Knegt
(Advertinsje)
(Advertinsje)