Stroetinga en Strikwerda twadde op maraton yn Haarlem

Arjan Stroetinga © awfoto.nl
Reedrider Arjan Stroetinga is sneontejûn twadde wurden op de maraton yn Haarlem. Mats Stoltenberg pakte de oerwinning by de fiifde wedstriid fan de KPN Kup. Stroetinga wûn de sprint fan it peloton, foar Evert Hoolwerf en Crispijn Ariëns fan Wolvegea. Ariëns bliuwt klassemintslieder.
By de froulju wûn Iris van der Stelt. Yn in kopgroep fan trettjin froulju kaam Elma de Vries as earste de lêste bocht út, mar se waard dêrnei noch ynhelle troch Van der Stelt en Corina Strikwerda fan It Hearrenfean. Strikwerda waard twadde, De Vries tredde. Van der Stelt bliuwt lieder yn it klassemint.