Measte punten op OMF Muzykkonkoers foar Jouster Fanfare

18 nov 2017 - 22:40

De Lawei yn Drachten wie sneon it toaniel foar it OMF Muzykkonkoers foar orkesten. Fjirtjin orkesten diene ferdield oer ferskate difyzjes mei oan it konkoers. De Jouster Fanfare, ûnder lieding fan Siemen Hoekstra en útkommend yn de earste difyzje, behelle mar leafst 90,33 punten. Dêrneist wûnen sy ek de koraalpriis.

Muzykferiening Euphonia fan Wommels, dat ûnder lieding stiet fan dirigint Rolf Verbeek, behelle yn dyselde difyzje 85 punten. Op twa orkesten nei behellen alle orkesten in earste priis, dat wol sizze mear as 80 punten.

Yn de fiifde difyzje behelle Ere Zij God út De Hommerts en Jutryp 80,67 punten. It bêste orkest yn de fjirde difyzje wie De Bazuin út Donkerbroek. Sy krigen 83,33 punten fan de sjuery. De oare Fryske orkesten yn dizze difyzje, te witten Concordia fan Wânswert, Hallelujah út Burgum en De Bazuin út De Triemen en Westergeast behellen respektyflik 83, 82,59 en 81,67 punten.

De komplete útslach is te finen op www.omfryslan.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)