Earste team VC Snits skeakelet eigen twadde út yn beker

De follybalsters fan VC Snits © www.dijksfotografie.nl
It wie in moai affysje yn de Snitser sporthal sneontejûn. It earste team fan VC Snits stie yn de achtste finales fan de beker tsjinoer it twadde fan de Snitser follybalferiening. It wie gjin ferrassing dat de winst úteinlik nei it earste, de ploech fan trainster Petra Groenland, gie.
De follybalsters fan it earste wiene yn trije sets te sterk foar it twadde (25-18, 25-20 en 25-11) en berikke dêrtroch de kwartfinales.