Einlings wer oerwinning yn eigen hûs foar UNIS Flyers

Nei trije thúswedstriden op rige sûnder oerwinning hawwe de iishockeyers fan UNIS Flyers wer ris wûn op It Hearrenfean. Dat dienen se direkt mei dúdlike sifers, want de Bulldogs uit it Belgyske Luik waarden sneon mei 8-3 ferslein.
De Flyers begûnen sterk oan de wedstryd. Binnen tsien minuten wie it troch treffers fan Marc Nijland en Lars den Edel al 2-0. Dochs kamen de Bulldogs noch yn de earste perioade wer op gelikense hichte fia Jordan Paulus en Cheyne Matheson.
It begjin fan de twadde perioade wie op 'e nij foar de Flyers. Marco Postma en Adam Bezak skoarden. Axel Milpas die noch wat werom foar de ploech uit Luik, mar út in flugge oanfal skeat Kevin Nijland syn ploech fia ûnderkant latte op 5-3.
Yn de lêste perioade rûnen de Flyers allinnich mar fierder út. Adam Bezak makke syn twadde, Ronald Wurm soarge foar de 7-3 en mei syn earste goal foar de Flyers sette Tobie Collard de einstân fan 8-3 op it skoareboerd.
UNIS Flyers hat no tsien punten út seis wedstriden. Snein spylje de Flyers yn Tilburch tsjin de Trappers. Dy ploech hat út fjouwer wedstriden noch mar trije punten helle.