Thúsferlies foar kuorballers SCO tsjin Grien Giel
De kuorballers fan SCO hawwe sneon thús ferlern fan Grien Giel út it Noard-Hollânske Wormer. It wie de twadde kompetysjewedstryd foar de ploech uit Aldeholtpea yn de haadklasse. Ferline wike wûn SCO noch by it Amsterdamske Rohda, mar dizze kear wie Grien Giel mei 25-21 te sterk yn de sporthal yn Wolvegea.