Aris kânsleas ûnderút yn noardlike derby tsjin Donar

18 nov 2017 - 21:53
Aris-trainer Tony Van den Bosch jout oanwizings - Foto: Omrop Fryslân, Eric Ennema

De basketballers fan Aris ha sneontejûn, thús yn Ljouwert, net foar in ferrassing soargje kind tsjin Donar. Yn sporthal Kealledykje wie de ploech út Grins in pear klassen better as de ploech fan trainer Tony Van den Bosch. It waard 84-58 foar de Grinzers.

Nei de earste twa perioades hie Donar al in flink gat slein. Aris stie by it skoft al mei 40-25 achter. Yn de tredde en fjirde perioades rûn Donar allinnich mar fierder út.

De folgjende wedstryd fan Aris is ein novimber, op 'e nij tsjin Donar. Dan spylje de ploegen yn Grins tsjin inoar.

Trefwurden: 
Aris Donar basketbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)