Kuorballers LDODK winne foar it earst út by DVO

18 nov 2017 - 21:24
Femke Faber by LDODK-fans - Foto: AWfoto.nl

Foar it earst yn de skiednis fan de kuorballeague wûn LDODK op besite by DVO. Sneontejûn wie de ploech fan trainer Erik Wolsink yn de twadde sealkompetysjewedstriid fan it seizoen fierstente te sterk foar de kuorballers út Bennekom. It waard 31-25 foar it team út Terwispel en De Gordyk.

Mei de oerwinning op DVO joech LDODK de winst fan ferline wike op Fortuna (32-22) in goed ferfolch. By it skoft stie it al 23-12 foar LDODK, dat yn de twadde helte net mear yn de problemen kaam. Mei seis doelpunten waard LDODK-oanfaller Tim Flokstra topskoarer by de Friezen.

Troch de winstpartijen op Fortuna en DVO steane de manlju en froulju fan Wolsink boppe-oan yn de kuorballeague.

Trefwurden: 
LDODK DVO kuorbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)