SC Hearrenfean hellet út op besite by FC Twente

18 nov 2017 - 20:26

Nei seis offisjele wedstriden sûnder oerwinning, stapten de fuotballers fan SC Hearrenfean sneontejûn wer ris as winners fan it fjild. Yn de útwedstriid tsjin FC Twente wie de ploech fan trainer Jurgen Streppel te sterk foar dy fan âld-Hearrenfeancoach Gertjan Verbeek. Yn de Grolsch Veste waard it mar leafst 4-0.

Healwei de earste helte kaam Hearrenfean op foarsprong. Nei in koart nommen hoekskop slingere Nemanja Mihajlović de bal foar en wie it ferdigener Daniel Høegh dy't de bal achter keeper Jorn Brondeel follearre. Nei in healoere koe Reza Ghoochannejhad de skoare ferdûbelje, mar hy fûn Brondeel op syn paad. Even letter gie in kopbal fan Høegh krekt foarlâns.

Krekt foar it skoft kaam Hearrenfean dan dochs op 2-0. Michel Vlap fan Snits skeat de bal hurd achter Brondeel en makke dêrmei syn twadde goal fan it seizoen.

Monsterskoare

Twente, mei âld-Hearrenfeanspilers Oussama Assaidi en Luciano Slagveer yn de basis, gie yn de twadde helte op syk nei de oanslutingstreffer. It krige goede kânsen, mar de ploech út Enschede skoarde net. Hearrenfean wol. Mei noch in healoere te gean makke Martin Ødegaard syn earste kompetysjegoal yn tsjinst fan de Friezen. Yn de slotfaze makke ynfaller Henk Veerman der sels noch 4-0 fan.

FC Twente - SC Hearrenfean 0-4 (0-2) 25. Daniel Høegh 0-1, 43. Michel Vlap 0-2, 61. Martin Ødegaard 0-3, 88. Henk Veerman 0-4.

Opstelling SC Hearrenfean: Hahn; Dumfries, Høegh, Næss (33. Schmidt), Pierie; Schaars, Vlap, Kobayashi; Ødegaard, Ghoochannejhad (64. Veerman), Mihajlović (57. Van Amersfoort).

(Advertinsje)
(Advertinsje)