Brûns foar Sanne Vermeer op ynternasjonaal judotoernoai

18 nov 2017 - 18:00
Judoka Sanne Vermeer - Foto: Martin de Jong

By de Grand Prix yn Den Haag pakte Sanne Vermeer sneontemiddei de brûnzen medalje. Yn de klasse oant 63 kilogram wie de judoka út Stiens mei waza-ari te sterk foar Catherine Beachemin-Pinard út Kanada. It goud yn dizze klasse wie foar de Nederlânske Juul Franssen. Sy wûn yn de finale fan Alice Schlesinger út Grut-Brittannië.

Natascha Ausma út Lippenhuzen ferlear yn de klasse oant 70 kilogram de striid om it brûns. Sy ferlear fan Laura Vargas Koch út Dútslân.

Trefwurden: 
Sanne Vermeer
(advertinsje)
(advertinsje)