Fuotballers ONS Snits ferlieze útwedstriid by ASWH

18 nov 2017 - 17:36

ONS Snits ferlear sneontemiddei de kompetysjewedstriid út tsjin ASWH. Yn Hendrik-Ido-Ambacht kaam de ploech fan trainer Chris de Wagt noch wol op foarsprong, mar de Snitsers koene dit net fêsthâlde. Yn de twadde helte rûn ASWH út nei in 4-1 oerwinning.

Healwei de earste helte sette Genridge Prijor ONS Snits op 1-0. Krekt foar it skoft sette Peter de Lange van ASWH beide ploegen mei in strafskop wer yn lykwicht. Nei in kertier spyljen yn de twadde helte soarge Kyle Doesburg foar de 2-1. Tweintich minuten foar tiid krige ONS Snits-oanfierder Ale de Boer syn twadde giele kaart. Dêrnei rûn ASWH út nei 4-1. Earst makke Mels van Driel der 3-1 fan en yn de slotminuten beslisse Nick Slotboom definityf de wedstriid.

ASWH - ONS Snits 4-1 (1-1). 25. Genridge Prijor 0-1, 38. Peter de Lange (pen.) 1-1, 55. Kyle Doesburg 2-1, 75. Mels van Driel 3-1, 86. Nick Slotboom 4-1. Reade kaart: 70. Ale de Boer (ONS Snits).

Trefwurden: 
ONS Snits ASWH fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)