Oanjefte tsjin loko-boargemaster om demonstraasjeferbod

18 nov 2017 - 17:12

De Bond van Wetsovertreders (BWO) docht oanjefte tsjin de loko-boargemaster fan Dongeradiel. Dit docht it bûn fanwege diskriminaasje en it ferbieden fan de demonstraasje yn Dokkum tsjin Swarte Pyt.

Neffens de BWO hiene de demonstranten it rjocht te protestearjen en dat rjocht hat de gemeente harren ûntnaam, seit it bûn. Dêrmei binne se beheind yn harren frijheid. De BWO freget de rjochter te beoardieljen oft it ferbod rjochtfeardich is.

(advertinsje)