Ynsammelingsaksje foar troffen gesin út Mitselwier

18 nov 2017 - 17:06
De wenningbrân yn Mitselwier - Foto: De Vries Media

Op Facebook is in ynsammelingsaksje op gong brocht foar it gesin út Mitselwier dat sneontemiddei troffen waard troch in wenningbrân. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle, mar de skea wie grut. In frou út Koatstertille sammelet no guod yn foar it gesin.

Se siket foaral libbens- en fersoargingsprodukten. It troffen gesin hat in twaling fan twa wike âld. Ruften en sa binne dêrom ek tige wolkom, sa falt op de Facebookside te lêzen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)