Trije punten foar Harkemase Boys nei kaartefestijn

18 nov 2017 - 16:31

Op sportpark De Bosk hat Harkemase Boys sneon de kompetysjewedstriid tsjin Scheveningen mei 3-1 wûn. Mei dizze oerwinning diene de Harkiten goede saken, boppe-yn de tredde divyzje fan it sneonsfuotbal.

Yn de earste helte kaam Harkemase Boys op achterstân. In skot fan Scheveningenferdigener Jari de Jong waard fan rjochting feroare troch Berwout Beimers en belâne achter keeper Erick Jansema yn de goal. Even letter brocht Henny Bouius mei in kopgoal beide ploegen wer yn lykwicht.

Reade kaarten

Healwei de twadde helte ûntstie der opskuor op it fjild, wêrnei't Gio van Ree fan Scheveningen in direkte reade kaart krige. Tim Peters (Scheveningen) en Yannick Kaluzi (Harkemase Boys) krigen elk harren twadde giele kaart en moasten dus ek fan it fjild.

Mei tsien man tsjin njoggen kaam de thúsploech tweintich minuten foar de ein op foarsprong. Beimers skeat de bal ûnder keeper Sven Wolsheimer troch. Yn de slotfaze fan de wedstriid makke ynfaller Jorco van Hezel der noch 3-1 fan.

Harkemase Boys - Scheveningen 3-1 (1-1). 30. Jari de Jong 0-1, 36. Henny Bouius 1-1, 70. Berwout Beimers 2-1, 82. Jorco van Hezel 3-1. Reade kaarten: 65. Tim Peters, Gio van Ree (beiden Scheveningen), Yannick Kaluzi (Harkemase Boys).

(Advertinsje)
(Advertinsje)