Boargemaster Waanders neamt ferbod op demonstraasje spitich

18 nov 2017 - 15:55

De gemeente Dongeradiel hie sinjalen binnen krigen dat der op meardere plakken yn de provinsje minsken klear stiene om diken te blokkearjen om de aksjefierders fan Kick Out Zwarte Piet tsjin te hâlden. Ek wiene der sinjalen dat der yn Dokkum minsken wiene dy't yn kontakt stiene mei de blokkearders. Dat sei boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel.

De situaasje waard neffens Waanders te gefaarlik. De gemeente wie benaud foar slimme ûngeregeldheden. Neffens de boargemaster koe de gemeente net oars as de demonstraasje tsjin Swarte Pyt ferbiede. Se fynt it spitich, om't eltsenien it rjocht hat om te demonstrearjen. In pear demonstranten wiene selsstannich nei Dokkum kaam. Ek sy mochten net demonstrearje. Sy hiene net om tastimming frege.

Minder minsken as tocht

Op de yntocht kamen sa'n 15.000 minsken ôf. De ferwachting wie dat der 25.000 besikers komme soene. De boargemaster tinkt dat der minder minsken kaam binne fanwege it minne waar. Der wiene fikse buien en it waaide hurd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)