Miho Takagi wint foar Heather Bergsma, De Jong achtste

Antoinette de Jong © awfoto.nl
Miho Takagi wie, krekt as ferline wike op it iis fan Thialf, wer fierwei de bêste op de 1500 meter. Yn Stavanger by de twadde wrâldbekerwedstriid sette se 1.55.30 op de klokken. Heather Bergsma waard twadde yn 1.56.48 en Lotte van Beek tredde yn 1.57.51. Antoinette de Jong waard achtste yn 1.58.30.
Marrit Leenstra die mei yn de B-groep, omdat se ferline wike foel. Yn dy B-groep waard Leenstra de winner yn 1.56,58. Ireen Wüst komt dit wykein net mear yn aksje. Se is net fit.
De Noar Sverre Lunde Pedersen wûn yn 1.45.07 by de manlju. De Amerikaan Joey Mantia waard twadde yn 1.45.28 en Sindre Henriksen (ek Noarwegen) tredde yn 1.45.37. Thomas Krol wie de bêste Nederlanner op it fiifde plak. Kjeld Nuis waard sânde en Koen Verweij njoggende.