Fryske reedrydsters yn 'e efterein yn Stavanger

18 nov 2017 - 14:45

Janine Smit en Letitia de Jong hawwe op de twadde 500 meter by de wrâldbeker yn Stavanger rapper riden as freed, mar dochs bliuwe se hingjen yn de ûnderein. Smit ried mei 38.64 nei it fyftjinde plak. Letitia de Jong waard mei 38.96 santjinde. De winst wie opnij foar de superieure Japanse Nao Kodaira yn 37.07.

By de manlju wûn Ronald Mulder yn 34.62. It wie foar Mulder de fiifde wrâldbekerwinst op de 500 meter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)