Mooglik ferfolging foar blokkearjen Piteprotest op A7

18 nov 2017 - 14:27

De plysje ûndersiket yn oerlis mei it Iepenbier Ministearje oft de demonstranten dy't sneontemoarn in blokkade feroarsaken op de A7 by De Jouwer, strafrjochtlik ferfolge wurde. Dat meldt de plysje. De demonstranten blokkearren mei sa'n fjirtich auto's de sneldyk. Ek rûnen se oer de sneldyk. Mei de aksje woene se de bussen mei dêryn demonstranten fan de aksjegroep Kick Out Zwarte Piet tsjinhâlde. Troch de blokkade ûntstie in file. Yn de file wiene meardere ûngelokken neffens Rykswettersteat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)