FOTO: Sinteklaas komt oan yn reinich, mar feestlik Dokkum

18 nov 2017 - 16:45

It wie efkes spannend, mar Sinteklaas is wer yn it lân. Sneon kaam er mei syn Piten oan yn de binnenstêd fan Dokkum. Moarns betiid wie it al drok en gesellich. De bern wiene drok dwaande mei it oefenjen fan de ferskes en de Piten dielden al pipernuten út. De Sint kaam krekt oer tolven mei de stoomboat oan en waard ferwolkomme mei muzyk fan de Dokkumer Blaaskapel. "Dag lieve schatten, dag Dokkum!", sei de Sint fan ôf de boat.

Op de kade waard er ûntfangen troch boargemaster Marga Waanders en berneboargemaster Noa Daannette Groenevelt. Dêrnei gong er op syn hynder Amerigo by alle bern del dy't lâns de rûte stiene yn de histoaryske binnenstêd fan Dokkum. It wie in reinige dei, mar de stimming bleau feestlik. De Sint hie in soad ferskillende Piten meinaam en der wiene sels Fryske Piten yn Fryske pakken.

(advertinsje)
(advertinsje)