Kollum: "It CDA en Frans Duijts"

18 nov 2017 - 11:53

"Ik fyn dat we ús sa stadichoan soargen meitsje moatte oer de koers fan it CDA. Sybrand van Haersma Buma is dêr de foaroanman, jim sille it grif wol witte. Hy wie yn syn Grinzer studintetiid lid fan Vindicat en hy roeide by Aegir. Beide klups hellen de lêste tiid it nijs. By Vindicat fine se fernederjen fan earstejiers mei in soad drank der by in leuk spultsje, by Aegir hienen se de ferkiezing foar 'slet van het seizoen bokaal'. Ek PvdA korifee Job Cohen wie trouwens lid fan Vindicat, sa as tal fan minsken dy’t no ergens in hege bestjoersfunksje ha.

It CDA en it referindum is net in lokkich houlik. Ik wit dat der in soad CDA’ers binne dy’t fine dat it folk in regear kiest en dat regear mei dan fjouwer jier syn wurk dwaan, sûnder dat it folk dêr yn dy tiid wat oer te sizzen hat. Dat is in miening, dus moatte je dy respektearje. Buma sei alhiel yn dizze stiel dat er de útkomst fan it referindum oer de saneamde sleepwet njonken him dellizze wol. Dat smiet nochal wat argewaasje op.

Oant safier fyn ik it akseptabel, je meie oer saken fan miening ferskille.

Mar, en no komt it, yn de Twadde Keamer sit foar it CDA de hear Michel Richard Joachim Rog. In Brabander, berne yn 1973 yn Den Bosch. It is in overloper, hy wie earst fan D66, mar hat him yn 2006 bekeard ta it CDA. Dizze man kaam dizze wike mei in plan. Hy fynt dat we yn dit beskaafde lân de saneamde ‘laaggeletterden’ ûnderwerpe en bleatstelle moatte oan de Hollandse hits fan Frans Duijts. Dit alles mei de pakkende slogan: ‘Leer Nederlands met Frans Duijts.’ De hear Rog fynt dat klinken as in klok.

Ik fyn it diskriminaasje.

De hear Rog set in hiel groep minsken fuort, yn in hoekje dêr’t Frans Duijts harren de taal leare moat. De simpelen der samenleving passen prima bij het niveau, meneer Rog? Sit it sa yn jo belibbing? No, dan bleau ik leaver analfabeet, sil ik jim sizze. De treasteleaze hoempa hoempa fan de Hollandse hits fabriken oanhearre moatte om wat fan te learen? Ik soe der earder troch radikalisearje, bin ik bang. Miskien giet de hear Rog even foarby oan it feit dat oer smaak net te twisten falt. As je Frans Duijts as lesmateriaal brûke wolle tsjûget net fan yngreven kunde fan it taalgebied. Wol fan feesten mei in protte bier dêr’t je, pas as it stil wurdt, sizze: ‘Och heden, wie der ek in muzikant?’ Ja, dat wie Frans Duijts. ‘Start de band en gaan!’Wat er songen hat wit net ien, mar it wie o sa gesellich en út namme fan it CDA fynt de hear Rog it geskikt lesmateriaal. As je sa nedich Nederlânsktalige muzyk brûke wolle om de minsken dy’t muoite mei de taal ha te helpen, is der ek wol wat oars. De teksten fan bygelyks De Dijk, Bløf, Acda en de Munnik of Frank Boeijen om mar ris wat te neamen. Dy geane ergens oer.

Lju dy’t gek op metal binne, of punk, of klassike muzyk prachtich fine. Je sille Nederlânske les krije mei Frans Duijts as ljochtsjend foarbyld. Miskien wolle se it ek noch ferplichtsje, wa wit. Foar de minsken dy’t in bloedhekel oan dit sjenre ha is dizze opset in foarm fan marteljen. Dêrby fergelike is in ‘ontgroening’ by Vindicat mar bernespul."

(advertinsje)
(advertinsje)