Brânwacht yn aksje yn Frjentsjer en Mitselwier

18 nov 2017 - 12:28

Oan de Bloemketerp yn Frjentsjer is fan 'e middei in skuorre útbrând. Yn de skuorre siet asbest ferwurke. De brânwacht hat in gebiet ôfset fan ûngefear 500 meter om de brân hinne, en der wurdt ûndersocht oft der asbest frijkaam is. De skuorre stie neist in wenboat, dy is net skansearre rekke. Ek binne der gjin minsken ferwûne rekke.

Yn Mitselwier wie der ek brân, yn in wenning oan De Snikke. De brânwacht hat de brân bestriden mei meardere weinen en in heechwurker. De brân wie op de boppeferdjipping fan it hûs. Der binne gjin minsken ferwûne rekke.

Trefwurden: 
brân Frjentsjer Mitselwier
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)