Demonstraasje Kick Out Zwarte Piet ferbean yn Dokkum

18 nov 2017 - 12:01

De demonstraasje fan Kick Out Zwarte Piet yn Dokkum is ferbean. De boargemaster fan Dongerdadiel hat besletten dat de plande demonstraasje by de yntocht fan Sinteklaas net trochgiet. Neffens de boargemaster kin de feiligens fan de demonstranten en it publyk net garandearre wurde.

Earder op de dei waard it ferkear op de A7 blokkearre troch aksjefierders dy't de demonstranten fan Kick Out Zwarte Piet keare woene. Dat soarge neffens de plysje foar in "libbensgefaarlike en strafbere" situaasje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)