Folsleine shorttrackploech mei nei Olympyske Spelen

18 nov 2017 - 11:10

De shorttrackers prestearren sneon matich by de wrâldbeker yn Seoel, mar dochs wie der goed nijs. De shorttrackers meie by sawol de froulju as de manlju it maksimale oantal fan fiif shorttrackers stjoere nei de Olympyske Spelen fan 2018 yn Súd- Koreä.

De ôflossingsploegen

Om harren te pleatsen foar de Spelen wie it earste doel om by de earste acht te einigjen yn it wrâldbekerklassemint oer fjouwer wedstriden. De Nederlânske manlju wiene foar de lêste wrâldbeker fan dit wykein sechsde. Trochdat se freed al de heale finale helle hiene, wiene se al sa goed as wis. Hjoed einige se yn de heale finale as earste. Dêrmei gean se nei de A-finale en dat is foar no genôch om by de earste acht te einigjen. De Spelen binne dêrtroch wis.

De ôflossingsploech bestiet dit seizoen út de Friezen Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Itzhak de Laat, Dennis Visser. Dylan Hoogerwerf en Mark Prinsen makken ek diel út fan de ôflossingsploech. Sneon rieden se mei Knegt, Breeuwsma, De Laat en Prinsen. Se waarden earste yn harren heale finale troch Súd-Koreä en Kazachstan foar te bliuwen. Hongarije krige in penalty en waard lêste. Snein is de finale mei Nederlân, Súd-Koreä, Ruslân en Amearika. 

By de froulju wie sneon al wis dat pleatsing foar de Spelen binnen is. Se pleatsten har ek nochris foar de finale. By de lêste wiksel lei Nederlân lêste, mar troch in fraaie ynhelaksje fan Schulting pakte se yn ien kear Italië en Kanada en waard Nederlân twadde efter Sina. Dat wie genôch foar in plak yn de finale. Nederlân komt snein yn de finale út tsjin Súd-Koreä, Sina en Ruslân.

1500 meter

In minne dei foar Knegt sneon yn it yndividuele toernoai. Hy waard sechsde yn syn heale finale op de 1500 meter en helle dêrmei net de finale. Yn it einklassemint fan de wrâldbeker is Knegt op de 1500 meter twadde wurden, efter de Súd-Koreaan Dae-heon Hwang.

Ljouwerter Itzhak de Laat liet wol sjen dat er yn foarm is. Hy helle de B-finale en waard dêrmei tsiende op de 1500 meter. Yn syn heale finale hâlde hy ûnder oare wrâldkampioen Yi-ra Seo efter him. It wie syn tredde B-finale op de 1500 meter en it liket derop dat De Laat op de Olympyske Spelen ek de 1500 meter riede sil. Nederlân moast trije shorttrackers by de earste 36 ha yn it wrâldbekerklassemint, mar mei Knegt en De Laat wiene der twa dy’t dêr yn slaggen. Nei de wrâldbeker sil it reedrydbûn bekend meitsje wa hokker ôfstân ride sil.

Suzanne Schulting waard ek fuort útskeakele op de 1500 meter. Se einige yn de heale finale op it tredde plak, mar krige ek in penalty. Mei Jorien Ter Mors, Yara van Kerkhof en Schulting hat Nederlân trije shorttrackers dy’t oan de 1500 op de Spelen meidwaan meie.

500 meter

By de manlju wie der gjin inkelde Nederlanner dy’t him pleatste foar de kwartfinale op de 500 meter. Knegt, Hoogerwerf en Daan Breeuwsma waarden tongersdei al útskeakele. Dochs wie der goed nijs, want dizze trije manlju einigen alletrije by de earste 32 yn it wrâldbekerklassemint. Dus mei Nederlân trije Nederlanners stjoere nei Súd-Koreä by de Spelen. Breeuwsma einige as 32e.

By de froulju jildt itselde. Schulting, Van Kerkhof en Van Ruijven einigje by de earste 32. By de wrâldbeker yn Seoel gong it sneon lykwols minder. Schulting waard ek no fuort útskeakele. Se waard fjirde yn har kwartfinale en moast by de earste twa einigje. Van Kerkhof waard ek yn de kwartfinale útskeakele en helle de B-finale. Se waard dêryn lêste en dêrtroch achtste op de 500 meter.

Snein binne noch de 1000 meter mei Schulting, Knegt en De Laat en de finales foar de ôflossingsploegen. Knegt is nei trije wrâldbekers lieder fan it wrâldbekerklassemint op de 1000 meter. 

Trefwurden: 
shorttrack wrâldbeker
(advertinsje)
(advertinsje)