Ferkearsblokkade troch pro-Swarte-Pyt-groep op A7 opheft

18 nov 2017 - 10:18

It ferkear op de A7 stie sneon in skoft stil tusken De Jouwer en It Hearrenfean by de ôfslach nei Aldehaske. Dat kaam troch minsken dy't protestearren tsjin de komst fan de aksjegroep Kick Out Swarte Pyt. Aksjefierders woene de komst fan bussen mei anty-Swarte-Pyt-demonstranten tsjinhâlde. De minsken stapten ek út de auto en rûnen oer de sneldyk. Plysjewurdfierder Anne van der Meer spruts fan in "libbensgefaarlike en strafbere" situaasje.

Om kertier foar alven kaam it ferkear wer op gong, sa meldt de plysje. De bus fan Kick Out Zwarte Piet gie fierder ûnder plysjebegelieding.

Trefwurden: 
blokkade A7
(advertinsje)