Ynbraken by Jiskenhuzen
Yn Jiskenhuzen is de ôfrûne dagen ynbrutsen yn sân skuorkes op in rekreaasjepark oan it Mastersein. De doarren waarden fernield. Ut ien skuorke waard in bûtenboardmotor stellen. Ek yn Ychtenbrêge is ynbrutsen op in camping. Dêr binne tolve caravans en tunhúskes iepenmakke.