Spandoeken tsjin Piteprotest by Sintrale As en Ofslútdyk

Op meardere plakken yn de provinsje binne freedtejûn spandoeken ophongen om te protestearjen tsjin de demonstranten dy't gjin Swarte Pyt wolle. "Anti Zwarte Piet moeten wij hier niet " stiet op de spandoeken. Se hingje ûnder oare by de Sintrale As by Feanwâlden en Kûkherne.
By de Ofslútdyk hinget in protestboerd. Dêrop wurde de anty-Swarte-Pyt-demonstranten oproppen om om te kearen. Neffens de aksjegroep Kick Out Zwarte Piet komme der sneon sa'n 200 tsjinstanners fan Swarte Pyt nei Dokkum.