Knegt en Schulting strâne op 1500 m, De Laat 3e yn B-finale

18 nov 2017 - 07:51
Sjinkie Knegt (argyffoto) - Foto: Martin de Jong

Sjinkie Knegt hat de finale net helle op de 1500 meter by de wrâldbekerwedstriden shorttrack yn Súd-Koreä. Suzanne Schulting kaam ek net fierder as de heale finales. Itzhak de Laat waard tredde yn de B-finale fan de 1500 meter. Der steane dit wykein noch mear ôfstannen op it programma. Letter op dizze sneon wurdt ûnder oare de ôflossing riden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)