Sipke Hulshoff: ''In oerwinning foar ús allegear''

17 nov 2017 - 23:22

''Dit is in oerwinning foar ús allegear.'' Dat sei assistint-trainer Sipke Hulshoff freedtejûn nei ôfrin fan de wedstriid fan Sportklup Cambuur. De Ljouwerters wûnen mei 1-0 fan Fortuna Sittard en pakten sa de earste thúsoerwinning fan it seizoen yn de Jupiler League. Hulshoff ferfong haadtrainer Marinus Duikhuizen, dy't skorst wie foar ien wedstriid. ''Nei de rêst hawwe wy besletten mei wat mear kontrôle te spyljen. Hiel Ljouwert wie hjir oan ta, oan dizze oerwinning. Ik hoopje dat dit de ommekear is en dat wy it takom wike wer bringe kinne.''

''Lichte beweging''

Foar Bryan Smeets hie de oerwinning fan syn ploech in swarte râne. Hy krige yn de earste helte in reade kaart. ''We kwamen kop tegen kop. Ik maakte een lichte beweging naar hem toe en toen kreeg ik rood. Hierna gebeurde ook nog het een en ander. Ik denk dat daar ook nog wel wat kaarten voor gegeven hadden kunnen worden. Maar het is zonde dat het gebeurde.'' Dochs is Smeets bliid mei de oerwinning fan Cambuur. ''Hadden we de wedstrijd niet gewonnen, dan had ik me zwaar klote gevoeld. We hebben er hard voor gewerkt en ik ben heel erg blij met dit resultaat.''

Rentree Van der Laan

Martijn van der Laan hie in bysûndere jûn. Hy makke syn rentree by Cambuur. Fan it simmer kaam hy werom yn Ljouwert, mar hy spile noch net yn it earste. Oant de wedstriid tsjin Fortuna Sittard. ''Ik heb er heel lang op moeten wachten. Heerlijk om hier op eigen veld zo je rentree te maken'', fertelt Van der Laan, dy’t by de supporters ek noch altyd populêr is. Hy waard regelmjittich tasong: ''Ik heb tachtig minuten lang kippenvel gehad.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)