Ljochtsjow Glowing Nature op de Ofslútdyk

It rûn noch net stoarm, mar de besikers dy't freedtejûn ôfkamen op de ljochtsjow Glowing Nature by Ofslútdyk fan Daan Roosegaarde wienen entûsjast. Freedtejûn wienen de ûntwerpen Lichtpoort, Windvogel en Glowing Nature foar it earst foar it publyk te sjen. Lichtpoort is in permanint ûntwerp mei reflektoaren op de slûzen oan beide kanten fan de dyk. Dy ljochtsje op as de ljochten fan de auto's derop falle.
Windvogel is in tûke draak dy't stroom opwekket troch de beweging yn de wyn. Glowing Nature by it Kazemattenmuseum is in projekt wêrby't algen ljocht jouwe. Sa leit der in flier dy't opljochtet as minsken der mei de fuotten of hannen oer hinne feie. It ljochtprojekt is oant 21 jannewaris te besjen.