Sealfuotbalsters Drachtster Boys en Avanti ferlieze

In earder duel fan de froulju fan Drachtster Boys © Dijks Fotografie
De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys hawwe freedtejûn de útwedstriid tsjin Team Alkmaar mei 5-2 ferlern. De thúsploech kaam al gau op in 2-0 foarsprong, mar dêrnei koe Drachtster Boys ek in doelpunt meitsje. By rêst stie it sadwaande noch 2-1. Yn de twadde helte rûn Alkmaar oer de Drachtster froulju hinne. It stie al gau 3-1 foar de thúsploech. In tsjingoal fan Drachtster Boys koe net mear foarkomme dat Team Alkmaar úteinlik in 5-2 oerwinning pakte.
Avanti ferlear yn Stiens mei 7-6 fan FC Gelre. Gelre is no de nije koprinner.