Froulju SC Hearrenfean winne fan Excelsior Barendrecht

De Hearrenfean-froulju (argyffoto) © Martin de Jong
De froulju fan SC Hearrenfean hawwe freedtejûn thús ôfrekkene mei Excelsior Barendrecht. Op Sportpark Skoatterwâld wienen de Feanfroulju mei 2-0 te sterk foar de besikers. Yn de tolfde minút kaam Hearrenfean op 1-0 troch in doelpunt fan de jonge Fenna Kalma. Nei rêst makken de froulju dien wurk. Yn de 54ste minút soarge Tiny Hoekstra foar de beslissende twadde treffer.
Pas op 1 desimber komme de froulju fan SC Hearrenfean wer yn aksje. Dan spylje se in útwedstriid tsjin VV Alkmaar.