Cambuur pakt earste thúsoerwinning yn Jupiler League

17 nov 2017 - 21:52

Sportklup Cambuur hat freedtejûn foar it earst dit seizoen in thúsoerwinning pakt yn de Jupiler League. Yn Ljouwert wûn de ploech fan trainer Marinus Dijkhuizen, foar dizze wedstriid ferfongen troch Sipke Hulshoff, mei 1-0 fan Fortuna Sittard. It duel wie noch mar krekt begûn doe't Melvin Peersman de thúsploech op foarsprong sette. Yn de twadde minút skeat hy fan tichteby yn de goal. Fierder koe Cambuur yn de earste helte aardich kontrolearje. Yn de 33ste minút wie der in domper foar Bryan Smeets, hy waard mei read fan it fjild stjoerd by opskuor tusken de twa ploegen.

Yn de twadde helte hie Fortuna Sittard it meast de bal, mar grutte kânsen kamen der yn earste ynstânsje net foar de Limboargers. Yn de 72ste minút ûntsnapte Cambuur oan it tsjintreffer, doe't in foarset fan Fortuna noch mar krekt by de twadde peal del gie. Dêrnei koenen de Ljouwerters de wedstriid útspylje. Houtkoop krige mei noch in pear minuten te gean noch in skotkâns, mar keeper Santos fan Fortuna Sittard pakte de bal.

Opstelling SC Cambuur: Cummins, Van Deelen, Steenvoorden, Schilder, Van der Laan (82. Houtkoop), Peersman, Mannes, Van Kippersluis (63. Daniels), Smeets (33. read), Mathieu (71. Narsingh) en Barto.

(Advertinsje)
(Advertinsje)