It Koartling yn Bûtenpost giet gearwurking oan mei AanZet

© Google Streetview
Stichting It Koartling, dy't de Húskeamer fan Bûtenpost in jier lyn opsetten hat, sil gearwurkje mei Stichting AanZet yn Ljouwert. Yn de Húskeamer kin elkenien út it doarp en omjouwing delkomme foar bygelyks in bakje kofje, in spultsje, help of in lústerjend ear. It projekt draait folslein op frijwilligers. Professionals fan AanZet sille tenei ûndersteuning en begelieding biede oan de frijwilligers. Hjirtroch kin neffens de inisjatyfnimmers it projekt him fierder ûntwikkelje.
Troch de renovaasje en útwreiding fan It Koartling kin in romte folslein as húskeamer ynrjochte wurde. Hjirtroch kinne der tenei ek oare aktiviteiten plak fine.