Saailân yn it teken fan Fryske ferkearsslachtoffers

17 nov 2017 - 20:46

Op it Saailân yn Ljouwert wurdt sneon stilstien by it oantal deadlike ferkearsslachtoffers yn Fryslân. Op it plein komme 32 stuollen te stean. Se fertsjintwurdigje de minsken dy't ferline jier om it libben kamen yn it Fryske ferkear. It inisjatyf moat minsken bewust meitsje fan harren eigen rydgedrach. It is opset troch it Regionaal Orgaan Verkeersveiligheid Fryslân (ROF).

De stuollen op it plein steane der fan alve oere moarns oant fjouwer oere middeis. Snein is de ynternasjonale betinking fan ferkearsslachtoffers yn mear as hûndert lannen.

(advertinsje)