Aksjefierster: "Demonstratie wordt opgevat als provocatie"

17 nov 2017 - 20:13
Piteprotest by de yntocht fan Sinteklaas yn Rotterdam - Foto: ANP

Der binne sinjalen dat der ek minsken binne dy't op in minder ludike wize as mei Fryske flaggen de aksjefierders tsjin Swarte Pyt út Fryslân keare wolle. Dat seit Jenny Douwes. Se woe aksje fiere tsjin Piteprotesten. Dy hearre net thús op in bernefeest, seit se. "Ondergronds is er al langer veel meer aan de hand. Friesland is boos en vastberaden", skriuwt Douwes op Facebook. Autoriteiten hawwe har aksje ferbean. Tsjinstanners meie wol demonstrearje. Douwes hat dêr gjin fergunning foar oanfrege, seit de gemeente Dongeradiel.

''Autoriteiten durven geen stelling te nemen''

Dyselde autoriteiten binne neffens Douwes mei skuldich oan it gedonder. "Eén ding is me duidelijk geworden deze dagen: deze rotzooi, deze zoveelste oorlog om niks, komt mede doordat de autoriteiten geen stelling durven te nemen tegen gerel tijdens een kinderfeest." De demonstraasje fan de aksjegroep tsjin Swarte Pyt falt net goed yn Fryslân, seit Douwes. "Jullie demonstratie wordt opgevat als een provocatie, als rellen om het rellen en bewust moeilijkheden opzoeken. Friezen houden hier niet van en de reacties zijn niet mis te verstaan."

Douwes ropt elkenien op om as normale minsken mei inoar om te gean. "Wees niet meer bang om je mening te uiten. Maar houd het netjes en luister gewoon naar elkaar."

(Advertinsje)
(Advertinsje)