Cambuur wol ympuls jaan oan Ljouwerter wyk Oud-Oost

© SC Cambuur
In wurkgelegenheidsympuls jaan yn de wyk Oud-Oost yn Ljouwert. Dat is it doel fan it 'Pact van Cambuur'. Dit is in gearwurking tusken SC Cambuur, de gemeente Ljouwert en de Business Club Cambuur. Sûnt 1936 makket fuotbalklup Cambuur diel út fan de wyk, mar mei de komst fan it nije stadion by it WTC ferdwynt it út it strjitbyld fan Oud-Oost.
De inisjatyfnimmers fan Pact van Cambuur binne har der bewust fan dat it fuortgean út de wyk ek in grut ferlies op sosjaal maatskiplik mêd betsjut. Doel is om fyftich minsken dy't no yn de bystân sitte oan in baan te helpen. Dit ûnder it motto 'van de bank naar een basisplaats'.