Swarte Piten by yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum

17 nov 2017 - 18:49
Foto: NTR

By de yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum binne Swarte Piten oanwêzich. Dat wie te sjen yn it Sinterklaasjournaal op NPO3. Yn de ôflevering fan freedtejûn wienen twa Piten te sjen. Ien dy't swart sminkt wie en in froulike Pyt dy't gjin smink op hie. Omrop NTR hie earder al oanjûn dat der gjin rol mear wêze soe foar kleurde Piten mei in blau burd en in giele noas, lykas ferline jier.

Mediadirekteur Willemijn Francissen sei doe al dat der socht wurde soe nei in middenwei. ''We weten allemaal dat je zwart wordt als je door een schoorsteen gaat en dat is wat Pieten doen. Bij ons is zwart geen huidskleur, maar roet. Iedereen kan Piet worden, of je nu wit, licht of donker getint bent.''

(advertinsje)
(advertinsje)