Judoka Margriet Bergstra al gau ûnderút op Grand Prix

Margriet Bergstra by in training
Judoka Margriet Bergstra is rap útskeakele op de Grand Prix yn Den Haag. Bergstra hie yn de earste ronde yn de klasse oant 57 kilo in bye, mar yn har earste wedstriid waard se fuort útskeakele troch de Belgyske Mina Libeer. Se ferlear pas nei de gouden skoare.
Sneon komme de Friezen Sanne Vermeer (-63 kilo) en Natascha Ausma (-70) noch yn aksje yn Den Haag.